'Kan ik iets voor je doen?
Kan ik iets voor je zijn?'
(De Dijk)

Nederlands / Frysk

 

 

Clary Leegstra

Wy krije der allegearre mei te meitsjen, jo, ik...
De dea is ûnûntkomber. En wy moatte mei it ferlies fan in dierbere leare omgean. Troch myn frijwilligerswurk as stjer- en roubegelieder yn it midden fan Fryslân - ik wenje sels yn Nes - fernaam ik hieltyd wer hoe belangryk it is foar in neibesteande om mei in gefoel fan leafde en rêst werom te sjen nei de pynlike perioade fan ferstjerren en útfeart.
Derom set ik my no yn, krekt as myn kollega Anne, om tegearre mei jo in ôfskied te betinken, dat rjocht docht oan jo winsken en de winsken fan jo dierbere. In útfeart wêr ‘t jo as neibesteande treast yn fine kinne.  
Jo meie rekkenje op myn oprjocht meilibjen.

Wat kin ik foar jo dwaan?
Wat mei ik foar jo wêze?

Clary