'Kan ik iets voor je doen?
Kan ik iets voor je zijn?'
(De Dijk)

Nederlands / Frysk

 

 

Utfeartwinskenboekje

Hoe soenen jo jo útfeart regelje wolle?
Hokker muzyk soenen jo hearre litte wolle?
Ha jo miskien in moaiste gedicht?
Of wolle jo it leafst it oerlitte oan jo neibesteanden?

Alles wat der wol of net barre moat, kinne jo opskriuwe yn dit útfeartwinskenboekje. Jo kinne it bewarje by jo wichtige papieren en eventueel mei jo famylje besprekke of mei de neibesteande dy ’t jo útfeart regelje sil.
Fansels kinne jo altyd wizigingen oanbringe. Wy helpe jo graach fierder. Belje of mail ús foar in frijbliuwende ôfspraak.
Troch op download te klikken kinne jo online beskikke oer ús útfeartwinskenboekje. As jo wolle, stjoere wy jo in printe ferzje fan it boekje of wy bringe it nei jo ta. Lit it ús dan mar efkes witte.