'Kan ik iets voor je doen?
Kan ik iets voor je zijn?'
(De Dijk)

Nederlands / Frysk

 

 

Wat dogge wy noch mear

Wy kinne jo, neist it regeljen fan in útfeart, ek helpe by oare saken, sa as:

Wolle jo de poalissen fan jo útfeartfersekering trochnimme? Clary kin jo dêrmei helpe. Troch har ûnderfining mei dit wurk kin sy dit foar jo op in rychje sette en fertelle wêr ’t jo rjocht op hawwe.
Wolle jo sels it libbensferhaal skriuwe of in moai gedicht foardrage? Wy kinne jo hjirmei helpe. Troch ús ûnderfining mei sprekken by útfearten kinne wy jo hjir stipe yn jaan.
Under in gearkomste nei de útfeart kin Anne de katering fersoargje, fan kofje en tee oant in kompleet miel.
En dan fersoargje wy ek foarljochtingsgearkomsten by jo thús of earne oars. Foar jo allinne, foar jo gesin of tegearre mei freonen en freondinnen. En ek by ferienings.