'Kan ik iets voor je doen?
Kan ik iets voor je zijn?'
(De Dijk)

Nederlands / Frysk

 

 

Nei in ferstjerren

Nei in ferstjerren yn in sikehûs of ynstelling jout it ferplegend personeel jo fierdere oanwizings. By in ferstjerren thús nimme jo alderearst kontakt op mei jo dokter. Koart dêrnei belje jo Uitvaart Fryslân op nûmer
06 – 45463538
Jo krije ien fan ús oan de telefoan. Foar it trochjaan fan in ferstjerren binne wy dei en nacht berikber.

Yn dit telefoangesprek stelle wy jo wat fragen en meitsje in ôfspraak wêr en hoe let wy by jo komme sille. Net alles hoecht daliks besprutsen te wurden. Sommige saken kinne ek letter beslúten wurde. Wy hâlde de hiele perioade, fan ferstjerren oant de útfeart, kontakt mei jo.

De kosten fan in útfeart hingje ôf fan jo spesifike winsken en kar. Wy kinne jo dêr advys yn jaan en soargje foar in dúdlike begrutting.